Kennisplatform voor het noorden

De grutste kolleksje Fryske boeken en kado’s fynst by de Afûk

Geplaatst op 24 juli 2023
De Afûk Fryske boek- en kadowinkel fynst yn it sintrum fan Ljouwert, oan de Boterhoek 3, foar de Aldehou oer

Dit is net samar in boekhannel, mar in spesjalisearre winkel yn alles wat der yn en oer it Frysk en Fryslân ferskynt. De Afûk Fryske boek- en kadowinkel fynst yn it sintrum fan Ljouwert, oan de Boterhoek 3, foar de Aldehou oer. Flak by de parkeargaraazje Oldehove en it prachtige stedspark ‘De Prinsetún’. Yn de Afûk-winkel fynst de moaiste (foar)lêsboeken foar jong en âld, boeken oer Fryslân, de Fryske taal, skiednis en kultuer, mar ek in grut ferskaat oan oare produkten, lykas Fryske kreamkadootsjes, orizjinele sûvenirs, aansichtkaarten, lekkers en leuke kado-artikels.

Passy foar it Frysk en foar Fryslân is wat ús driuwt. Dat wolle wy graach diele!

Kadopakketten op maat

Sikest noch in leuk kadopakket om jim meiwurkers te betankjen foar harren ynset of wolst graach in moai relaasjegeskink fuortjaan mei in Frysk tintsje? Ek dan bist by de Afûk oan it goede adres! Wy kinne yn oerlis en op fersyk fan alles op maat foar jim meitsje en leverje. Yn ferskillende priisklassen en mei óf sûnder Frysk boek.
Foar mear ynformaasje oer de mooglikheden, kinst kontakt opnimme mei de Afûk-winkel fia mail of telefoan. Of kom gesellich del om ynspiraasje op te dwaan!

Neist de winkel, docht de Afûk noch folle mear foar de promoasje en befoardering fan de Fryske taal. Nijsgjirrich? Skriuw dy dan yn foar de Afûk-nijsbrief fia de website en bliuw op ’e hichte fan it lêste nijs oer leuke produkten en moaie projekten fan de Afûk. Of folgje ús op de socials.

Kom ris del yn de Afûk Fryske boek- en kadowinkel om de Fryske taal en kultuer op te snuven!

Boterhoek 3, 8911 DH Ljouwert
058 234 30 70
ynfo@afuk.frl
www.afuk.frl
www.websjop.afuk.frl




Vergelijkbare berichten

Heeft u interessant nieuws of een bijzonder verhaal?

Laat het ons weten via nieuws@kijkophetnoorden.nl of via onze handige nieuwsmodule.

Nieuws aanleveren

Zoeken naar:

Om deze website optimaal te laten functioneren gebruiken wij cookies. Voor meer informatie zie ons cookiebeleid. Lees meer.

Ik ga akkoord